Kloaten fan de bok op de buertbarbeknoei



It is alle jierren wer ien fan de sparsume hichtepunten yn it ûnderhâlden fan de kontakten mei it folk om jo hinne. De buertbarbeknoei.
Juster wie it wer safier. Waardeloaze plenning, want hjoed is it heitedei en myn brochje op bêd skeat der dus by yn omdat de frou en ik de kofje al op hienen foardat it neiteam fan boppen rûgele. Hawar, de oranjekoeke smakke der net minder om.

Dit jier is alles oars, tegearre mei myn buorman bin ik dus yn jannewaris (7) opholden mei smoken, guon oaren dogge dat mei drank, lies ik niis yn in ferslach fan de poalflakte. Foar beide is wat te sizzen, mar om no twa dingen tagelyk te dwaan liket my net goed, wy moatte net te mâl en oerdriuwe is nea goed, in man skynt boppedat ek poermin yn it multitasken te wêzen, oft dêr ek in Frysk wurd foar is wit ik wier net en ik bin alhiel net fan doel om der om te sykjen.
Dus steane jo op sa'n jûn de godgânske tiid om jo hinne te snuven, omdat je dan legitym noch ris in jûn gewoan meismoke kinne. Ik bin dêr tige betûft yn oan it wurden, mei de eagen ticht kin ik rûke hokker tabak se yn 'e hens stutsen ha. Jo sjitte der neat mei op mar ik woe al dat jim it wisten, waardeloaze ynformaasje is ek ynformaasje.

Myn buorman en ik binne net frij fan selsspot. Alle kearen as wy elkoar tsjinkomme sizze wy: 'No, mar efkes ien roke, net?' Of yn it gefal fan juster: 'Sil ik de sigaren en shag meininne?'

It foardiel fan net ophâlde mei drank is dat op de ein fan sa'n barbeknoei it folk noch wolris wat earlik praat ta de mûle út komt. Sa komme jo te witten dat wy net de iennichste binne dy't de skurft oan in net neier te neamen misliksma alhier ha. Nochris, jo sjitte der neat mei op, mar op de iene as oare wize skept it in bân. 
Ek sizze jo sels woris wat dat je better foar jo hâlde kinnen hienen, ik gean der net foarwei. Sa luts de heale buert nettsjinsteande it ûntbrekken fan sinjaal en iepen wifi daliks de snoadfoan anneks aginda út de bûse doe't ik wat freeslik doms sei oer in optreden. Om Fryske Facebookrellen foar te wêzen woe ik it hjir mar by litte. Mar ik frees met grote freze. Kin wolris alle perken te bûten gean, ik ha efkes opgenotearrenotulearre wa't der miskien komme wolle en kinne, dat rint gierend út de klauwen. Moatte jo de kaken ek mar opelkoar hâlde, foar de horeka-omset is de Westerbuorren oars wol tige, dat is de oare kant. Smoke en sûpe is dik ynoarder oan dizze kant fan het schoone kerkdorp Bombats al is de earste groep no wol drastysk lytser wurden troch it ôfheakjen fan buorman en my. Datoangeande is it ek tige dat nei in flesse reade wyn en in pear BBtsjes einliks it hege wurd der út kaam: 'It is oars wol kloaten, ik hie de hiele wike noch sin oan in peuk.'

Sjoch, dat skept pas echt in bân.

 


Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts