Frysk en Frij, Nieuw Noord en Feanfan: Geen weg terug
Protest
Juster ha ik foar de twadde kear yn myn libben nei in protestgearsit west. Dêr soenen jo as konklúzje út lûke kinne dat der nochal wat foar nedich is om my safier te krijen. Dat kloppet. In keppel roppende en razende minsken byelkoar is yn 'e regel net it earste dêr't ik oan tink as ik in jûn fuort wol.
De earste kear is al in skoft lyn. Dy wie yn de Prinsetún yn Ljouwert. De reden wie dat de Fryske polityk yn mearderheid de stipe oan it prachtige blêd Frysk en Frij opsei. Tefolle soere stikjes stienen der yn en dêr woenen de dames en hearen net oan meibetelje, te mear omdat de Fryske Steaten nochal ris op it harspit fan de kollumnisten rekken.
In swarte side yn de Fryske polityk fûn en fyn ik dy saak noch altyd.
Doede Veeman, Reboelje en in soad oare Fryske artysten makken der in moaie middei en jûn fan.
Resultaat fan de dei: Gjin.
De situaasje by Sportklup Hearrenfean is no safier eskalearre dat de supportersferienings de hannen ynienslein ha en it betrouwen yn de folsleine direksje en RfK opsein ha. Om ien en oar ta te ljochtsjen wie der juster in jûn belein dy't ynearsten as ynrinjûn bedoeld wie. De aktuele ûntjouwings makken der in drok besochte gearsit fan.
Ik moat de oanwêzigen in grut komplimint meitsje, it gie op in tige fatsoenlike wize. Gjin razerij en skellerij. Alle fragen dy't op it aljemint kamen koenen rêstich beandere wurde, dit yn de tradysje fan Sportklup Hearrenfean, in klup mei fatsoenlik publyk.
Juster krige ik in bytsje it gefoel werom dat ik de lêste tiid mist ha. Dit wie de Hearrenfeanfamylje sa't ik se kennen leard ha. Noed foar de klup, noed foar de sfear en besoarge oer hoe't de saak der foar stiet.
Ien ding is helder, foar de supporters fan Nieuw Noord en Feanfan is der gjin wei werom. It betrouwen opsizze dogge jo ien kear.
Resultaat fan de jûn: Ienriedich gefoel foar en oer SC Hearrenfean foar in part werom krigen. En dat is wichtich, want in fuotbalklup moatte jo mei gefoel bestjoere, it gefoel dat no net oanwêzich is. Nee, ik neam hjoed gjin nammen.

Friese gezagsdragers verlost van lastige horzel

Reacties
Een reactie posten