Blauwe Sjoerd
Op dizze pinkstersnein woe ik jim traktearje op in âld stikje. Ea publisearre yn de doarpskrante alhier. Jim oandacht foar Blauwe Sjoerd.
Blauwe Sjoerd
Neffens in soad
minsken wie blauwe Sjoerd in singelier man. Hy kaam út de Stellingwerven en wie
fiskerman, teminsten, foardat er fan Drees krige.
It praat oer Sjoerd en
de fiten dy’t er úthelle koe op sneontemiddei, by âlde Goatse oan de stamtafel,
ta grutte hichten gean. Dat gie salang troch oan ’t dominy syn wyklikse slokje
helle. Jo moatte ek dominy foar de stamgasten wêze is’t net sa?
Dominy hat nea weet
hân fan de grutte wille dy’t as it praat op Sjoerd kaam de minsken oer him
hienen. Dominy wie deun, en dan druk ik it sêft út. Hy hie wol in falsk gebit
en een brike noas, mar dêroer letter mear.
De iene wike wie de
oare net. As it stamfolk royaal út ’e
hoeke kaam, wie der in basis foar in soad drank en wille. Goatse
stjoerde it wiif nei it hinnehok en de seane aaien leine it fûnemint. Dominy
naam ien slokje, teminsten, hy betelle ien. Mear moast er eins ek net ha, sjoen
de preek fan de oare dei. Mar de stamgasten wisten fan de âlderlingen dat de
preken tige iepenbierjend wiene. Net altyd, mar der wiene echte útsjitters by.
It frjemde wie dat dominy yn de oanrin nei sa’n preek wakker krimmenearre oer
pine yn de holle, en in hânfol chefarine4 opkôge foar’t er de preekstoel op gie.
No barde it in kear
dat de krystjûn op de sneon foel. Sjoerd
wie net sa bot tsjerkegonger, ien kear yn ’t jier op krystjûn en soms in jier
net want it moast ek gjin sleur wurde. Mar it wie sa dat Sjoerd fan doel wie om
dit jier al hinne. It wie op sneon, der gie net folle tiid mei ferlern. It wie
in hiele sêfte hjerst west, sadat de iel noch goed befiske wurde koe. Dominy
siet krekt oan syn slokje, hy wie de jûns frij, en hoegde pas de oare moarns te
preekjen.
Sjoerd woe ek efkes
moed yndrinke. Hy bearde oer de grutte flut iel dy’t er noch op foarried hie.
Dominy wie deun, sa’t
ik al sei, en gek op iel. Mar net op de priis dy’t derfoar betelle wurde moast.
Nei ferrin fan tiid kaam er Sjoerd op de lije side oan en sei dat mocht der ea
wat yn de beun sitte dêr’t er mei ferlegen siet, hy iel ek lekker fûn.
No koe it mei Sjoerd
twa kanten út, of de jonge jenever foel goed, of hy waard dwers en ferkeard.
Lamme Teunis wie al
tweintich jier koster. Hy wist dat yn it oere tusken it kloklieden en it begjin
fan de tsjinst eins neat mear mis gean koe. De doar hoegde net op slot. Doe’t de
tsjinst oanfong sette dominy ôf nei de stoel, kôgjend op fjouwer aspirinen dy’t
er yn de konsistoarje noch gau ynnaam hie, it wie de foarrige jûns wer letter
wurden dan dat moatten hie. Doe’t er it doarke fan de preekstoel iepen die,
kaam him tweintich pûn slimerige skiere iel temjitte, dy’t it trepke opslach
feroare yn in sjippebaan. De preekmaster skrok sa dat er boppe-op in iel stapte
en sa raar mei it gesicht op de boppeste tree fan it trepke foel, dat er de
noas bruts en fjouwer tosken ferspile. Sûnt dy tiid hat dominy in falsk gebit
en in brike noas. De noas hie wol wer rjocht kinnen, mar dominy wie deun, sa’t
ik al sei. Dat wie him te djoer...
Ja, neffens in
soad minsken wie blauwe Sjoerd in
singelier man.
Reacties
Een reactie posten