Oppakt yn de waskstrjitte
Twitterterreur
in Drachten
Friese schrijver
aangehouden
Drachten. En opnieuw
ging het mis met de redelijk onbekende Friese schrijver F. de J. uit het
kerkdorpje Boornbergum. Alerte dienders betrapten deze eerste klas recidivist
toen hij stiekem foto’s maakte van een stilstaand politiebusje.
Woordvoerder
Wouter van der Meer zuchtte diep toen hij voor de zoveelste keer aan de pers
uit moest leggen wat De J. nu weer had uitgespookt. ‘Fannemoarn betiid krigen
wy al sinjalen dat der eat net doogde, op Omrop Fryslân gie it oer in
twitteraksje of sokssawat, dat wy seinen al, De J. sil hjoed wol wer it nijs
helje wolle. En krekt sa’t it wie. Us WWW-ekspert krige sa´n bombardemint fan
Frysktalige tweets fan dizze draaidoarkrimineel te ferwurkjen, dat in hynder der
de hik fan krijt. It gie echt mis doe’t er foto’s makke fan in kollega dy’t syn
bus efkes skjin meitsje litte woe. Hy sei dat er dy op twitter sette woe, soks kin fansels net, no?’
Later
op de ochtend sprak deze krant met De J, toen hij al twitterent het
politiebureau verliet. ‘Fryske twitterdei, en dy plysjes witte it net iens? Net
bêst. Se woenen ek net leauwe dat ik op de radio wie. Krije jo sa’n begripend knikje,
sa fan: ‘It sil wol, jonkje.’ Binne wy oars al trending topic? Ik ha der
fansels wer in oere as wat út west mei dy flauwekul,’ zei De J. nog. Daarna
liep hij richting zijn auto en verliet het bureau, zijn mobiele telefoon in de
hand en zonder autogordel om. Woordvoerder Van der Meer, die wel of niet
toevallig net naar buiten kwam om een luchtje te scheppen, trok zijn schouders
op. ‘Gjin salve oan te striken, dizze. Ik sil aanst wol efkes op twitter sjen
wat er hjoed wer fan ús fynt.’
Op
de vraag of de politie De J. wegens herhaalde verkeersovertredingen niet
opnieuw aan zou moeten houden, reageerde Van der Meer moedeloos: ‘Hy komt hjir
alle dagen del, no’t De Drift der út leit. Nea in gordel om, altyd oan it
twitterjen. Wy ha wol wat oars te dwaan as alle dagen dizze ramp op fuotten oan
te hâlden.’
Reacties
Een reactie posten