Frysk karakter fan SC Hearrenfean?
Yn de LC fan hjoed hat Johannes Elzinga Ășt Frentsjer it yn de Te Gast oer it Fryske gehalte fan SC Hearrenfean.
Neffens him liket it miskien dochs noch goed te kommen mei de klup. Hy bassearret him op de bettere resultaten op it fjild, dy't in soad Ă»nrĂȘst weinommen ha soe by de supporters. De opportune wrĂąld fan it fuotbaljen koe net better Ă»nder wurden brocht wurde. Brood en spelen, in kear as wat winne en de meidravers binne wer bliid. It 'netwurk' fan Robert Veenstra is grif tige op 't skik mei dit stik.
In oare pylder Ă»nder Elzinga syn hoopfolle ferwachtings oer It Feen is in advertinsje yn de LC fan ĂŽfrĂ»ne sneon. In paginagrutte promo, 'DĂȘr't de klup wakker yn sweeslacht mei syn Frysk (e) karakter', seit Elzinga.
Neffens my is it sĂąn in de eagen struie, inkel foar de bĂŒhne. En Ășt it stik fan Elzinga meitsje ik op dat guon der yn traapje. Dat is syn goed rjocht, mar ik wol der graach wat tsjinoer sette.
Ik ha it efkes neisjoen. 7 Fryske wurden steane yn de tekst. Nee, net iens yn de tekst, de kreet 'Frysk bloed tsjoch op' stiet Ă»nder it logo. Bliuwe dus trije wurden oer. Wolkom as oanhef en 'tige wolkom' as ĂŽfsluter. Tusken skrapkes, want jo moatte it net oerdriuwe mei dat Frysk, no? Eins steane der dus twa wurden Frysk yn. 'Tige wolkom'. Krekt de wurden dy't symboal steane foar it probleem dĂȘr't de klup Ă»nder Robert Veenstra mei te krijen hat.
Sil ik dĂȘr dan de bygelyks Ingelske efkes tsjinoer sette? 'Hot, Foundersclub, Foundersclub Wine and Dine'. Dat binne der al wer mear as yn de taal dĂȘr't de klup fan seit dat se de 'nuchtere en Friese kijk' as sterk punt ha.
Ik wit net wĂȘr't Elzinga de positive 'flow' fielt, mar ik fyn it in snĂștslach, sa'n stikje. Boppedat skynt der neidat de Dakkapel net mear komt, net in korps yn FryslĂąn mear te wĂȘzen dy't it Folksliet op de goede toanhichte ynsette kin, de stelling dat it sjongen dĂȘrfan stiet as in flagge op in strontpream Ă»nderskriuw ik wol hielelendal. De measten op de tribune binne bas of bariton, gjin sopraan.
Hoe dan ek, Elzinga fynt de Ă»tjouwings hoopfol, neffens my is it Ășt need berne. Snobbersreiskes nei Qatar binne folle aardiger, no?
Der wurdt oars al rabbe, eh... Nee, lit ik dat mar net dwaan. Min skriuwe oer myn klup dogge oaren wol.
En ja, hjoed stiet der wer in advertinsje yn de LC. Jo kinne kaartsjes winne!!! Faai teken, it stadion siet oars mudfol tsjin de mannen fan Verbeek.
Snein 26 april om 20.00 moatte wy tsjin AZ. Neffens de krante. Wolle jo it bûsboekje der wol efkes by krije? Krekt. It doocht net hielendal by de SC. En sa is it mar krekt.
No , Ferdinand, wat is der mis mei bassen en baritons, 90 % fan 'e fans binne no ienris manljĂș dochs,my muoit it mear dat der in hiele protte Friezen binne , dy't har eigen folsliet net sjonge kinne omt se de tekst nea leard ha!
BeantwoordenVerwijderen