Beropsfriezen ride Benz

Sa. Dit is him dan.

Sjoch, ôfrûne wike krigen wy as Friese Pers Boekerij skriuwers it oersjoch fan de ferkeap fan ús boeken. No hie ik dêr yn 't foar al in tige goed gefoel oer. Op Facebook die wol bliken dat oare Fryske skriuwers ek út de skroeven wienen oer de ferkeapsifers.

Ik ha doe mar in opsje naam op in nije Benz. It each wol ek wat, no? In slach troch de showroom, klompen oan en in suterige jas mei in fize broek. Dy ferkeapers woenen my der wol út sjen. Mar wij laten ons niet verhoedoeken, doe't nei in kertier immen mei in kniper op 'e noas op my takaam en mei hege stim frege wat ik dêr moast, sei ik: 'Doch my dy grize mar.' Ha jo noch nea immen sa fluch feroarjen sjoen. Oft ik ek kofje woe en sa mear. Ik sei: 'Nee, der moatte noch wat Drachtsters bedobbe wurde, dus dy kofje dogge we in oare kear mar.'

Marreh... Mei jim him wat lije? In wûnder, hear. De rutewiskers begjinne út harren sels, de ljochten knippe oan en ik koe de hânremme net fine. Mar fierders wol in aardich karke.

Ik fyn dat Fryske skriuwers eins allegearre sa'n Benz fan Jannewietske krije moatte. Wy binne dwaande om tsjin wynmûnen te fjochtsjen as it om yn stân hâlden fan it Frysk giet. No wolle dy typkes fan de Fryske Akadeemje wer dat wy Rebûlje skriuwe ynstee fan Reboelje. Sis no sels, it stiet dochs as in flagge op in strontpream?
En al dy juffers en masterkes op de skoallen? Se kinne de tiidwurden amper goed sizze, lêze en skriuwe kinne jo ek wol op in sêft sin sette. Wurde harren ek nochris nije staveringswetten oplein.

En myn Fryske wurdboeken dy't ik in jier lyn krigen ha? Sit dêr ek noch garânsje op, FA lju? Ik wol heal jild werom ha, dan meie jim se yn de kelder sette.

Wurdt no aanst as machtsmiddel sein: 'As de nij skreaune Fryske romans net oan de nije staveringseasken foldogge jouwe wy as provinsje gjin subsydzje mear?' 

Ja, as jo in distibúsjeriem ferfange litte moatte, krije jo by de measte garaazjes in âld gebakje mei. By guon is dat wat oars. Dêr komme de bobo's, dy't mei neat minder as in nije ruilauto genoegen nimme. Djoerbetelle beropsfriezen en sa. Ik kin my no wol yntinke wêrom't dat dreech út te roeien is. Sa'n auto rydt hearlik.

Oan de ein fan de middei is myn gebakje wer klear. Dan lit ik de opbringst fan myn skriuwerij plus rinte op rinte efter yn It Feen en daal wer ôf nei it needrige plak dêr't wy as skriuwers hearre. Op in plak dêr't jo krewearje foar it Frysk en der gjin flikker oan oerhâlde. Nije wurdboeken moatte der komme, ik sil fêst begjinne mei sparjen.

Of nea wer in boek skriuwe. Is ek in opsje. 


Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen