Friezen en Aboriginals



Doe't 225 jier lyn de earste kolonisten oankamen yn Australië, wennen dêr fansels al minsken. Mar sa as dat mei blanken faker gien is, waarden dy ynwenners daliks as twadderangs minsken beskôge. Sjoch mar nei Amearika.
Yn Australië wennen de Aboriginals. Donkere minsken dy't op in didgeridoo blaasden. Koe nea net folle wêze, dus negearje dy domme ynboarlingen.

No, 225 jier letter, is der yn Australië in wet oannaam wêryn't it regear tajout dat de Aboriginals der al wennen doe't de Britten it kontinint brûkten om finzenen te dumpen. Dat is wichtich, want no soe de grûnwet wizige wurde kinne wêrtroch't de Aboriginals in status aparte krije. Einliks erkenning. Sil tiid wurde.

Witte jim hoefolle fan dy Aboriginals der no noch binne? In heal miljoen.

Witte jim hoefolle Friezen der no noch binne? Krekt wat mear as in heal miljoen.

Oprop oan de Steaten fan Fryslân: Gean nei Brussel, en twing dêr ôf dat dy Hollanders, Grinzers, Drinten en wit ik hokker folk hjir mear fan it bêste lân op ierde profitearret, tajouwe dat hjir al Friezen wennen foardat sy hjir kamen. Dat soe romte jaan om de grûnwet te feroarjen, sadat einliks rjocht dien wurdt oan de status aparte dy't de Friezen ha. It kin in Australië ek, dus wêrom soe it hjir net slagje?

Ja, mar soks is al foar in part regele, dochs?

Wy ha út Den Haag wei net folle te ferwachtsjen wat it hânhavenjen fan de taal en kultuer oanbelanget, mar se skite yn 'e broek as Brussel him oppenearret, dêr harkje se nei. Sels Pechtold en syn klupke D66, dy't allinnich fan Brusselske maatregels waarm wurde. As wy opgean yn in Noardlik lânsdiel is it dien mei it Frysk, al ûntkenne se dat no fan alle kanten.


Reacties

  1. Ik sil dit op FB 'diele',want in tige nijsgjirrich moai pleit dat eltsenien ferplicht(!!) lêze moat. No sa...

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Moai dien, Ferdinand,

    Op nei de Haach mei pylk en bôge.
    Blaas by Amsterdam op dym 'didzjeridoo',sadat se skitend benauwd ûnder de tafel krûpe yn 'e twadde keamer. Nim Willem S mei as skildknaap. Ik bin dyn mân, mei wo oer dat sjarzere.Trochgean mei dyn stikels!!!!
    groetnis, Jan

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Robotmeaner as feilige haven

Links en rjochts

SC Heerenveen, het echte verhaal