Besprekstek? Altyd dwaan!!!

De winner fan de Obe Postmapriis, Anne Tjerk Popkema, rint mei it idee om, om in 'besprekstek' foar Fryske boeken te meitsjen. Dat sei er op Facebook. No, foar immen dy't FC Grins as klupke hat, falt je dat dan wer neat ôf.

Sirkwy.nl, de side fan Tresoar, soe dat eins dwaan moatte, seit Abe de Vries, en hy freget him ôf oft de literêre tiidskriften der wol sa wiis mei wêze sille. Wêrom net?

Neffens my hat it gros fan de Fryske lêzers noch nea fan Sirkwy.nl heard. En ek net fan De Moanne of Ensafh. Mar wol fan Facebook. Dus: soe it elkoar net earder fersterkje dan dat it iene ten koste giet fan it oare? Neffens my kin der nea genôch oandacht wêze foar skreaun Frysk, oft it no om berneboeken, dichtbondels of romans giet. Set op sa'n besprekstek in soadsje linkjes nei de tiidskriften en miskien nei bloggers dy't wolris in Frysk boek besprekke, dat jout mear omtinken. Neffens my moat soks altyd wêze.

Op in side lykas dizze: http://www.watleesjij.nu/ prate en lêze 8800 minsken oer boeken. Meitsje dêr in Fryske fariant fan en smyt dy op Facebook en Twitter. It sil net daliks likefolle dielnimmers opsmite, mar as it in lege drompel hat, kin der samar in ferdwaalde Facebooker tinke: 'Ferhip, Fryske boeken? Binne dy der ek? Ris efkes sjen.'

Wat mear wat better. Hupsakee.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Robotmeaner as feilige haven

Links en rjochts

SC Heerenveen, het echte verhaal