Riemer van der Velde

Goed, Riemer van der Velde hie him goed taret op it petear yn Boppeslach kafee. Dat wol sizze dat er eins in healoere neat sein hat. Op himsels al in keunst, mar dat is in kwestje fan dissipline. Foar de goede fersteander wie der tusken de rigels troch genôch te hearren. In ûndersyk moat der komme, hammere Van der Velde. Troch eksterne minsken. No, dan witte jo wol hoe't er der oer tinkt, liket my. Mar hy hat it net sein, dus in keurich petear.

Slimmer is it artikel op de foarside fan de LC fan hjoed. Brood en spelen, dan bliuwt it folk rêstich. Nim de jildsjitters mei, triuw der wat drank en in djoere gehakbal yn en elts is bliid.

No, nee dus. De goed nijs show wie sa lek as in tjems. Maskere bal, lies ik. Trijekwart wie not amused. Sponsors binne net gek. Maarten de Jong, Gerald Sibon en de supporters ek net. Hjoed hearde ik dat dy foarsitter, sa't Riemer sei, net de foarsitter, ús foarsitter, nee, dy foarsitter net berikber wie om te reagearjen op wat der geande is. Fansels net. Sa dogge jo dat. Goed oanstjoerd, soe úteinlik Bart van der Meer wol sizze.

Noch slimmer, ja dat kin, is dat de nije foarsitter fan de Ried fan kommissarissen, de hear Wino de Jong (gjin famylje), sei dat er it in 'bûtengewoan plesierige jûn' fun. En de foarsitter bagatalisearre it efterút gean fan de oantallen sponsors mei de wurden: 'Dat getal zegt me niets.' Yn it Nederlânsk fansels, want jo moatte grut tinke.

Wij worden hier niet blij van. 
 

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts