Mindset en commitment

It is oars net myn gewoante, mar der binne grinzen, en dus sjit ik efkes yn it defensyf.

Komselden ha ik in kollum lêzen dêr't mear klisjees en steriotipen yn stienen dan yn it stikje fan Jantien de Boer yn de LC fan hjoed. De helte fan de befolking wurdt fuortsetten as efterlike debilen dy't oars net dogge as yn iten tinke. Se litte harren as lytse bern troch de frou oanklaaie, hingje mei sekkerige konten tsjin winkels oan. Mar leaf wêze is ek wichtich, beslút frou De Boer. Mar jo wolle der net mei op bêd.

As kollumniste fan de LC skynt se in soad minsken oan te sprekken. Dat sil dan grif it Vijftig Tinten Grijs folk wêze. De Story en Privé lêzers. De kwasy feministes dy't net út de kast komme, want wat soenen se der fan sizze. Dat folk.

No, frou De Boer, dêr wol ik ek net mei op bêd. En ik tink dat wy hjoed stamppot ite. Dat geeft inhouden.

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts