Gjin bloch. Of dochs wol?
Sorry minsken, hjoed gjin bloch. Hoewol, ik sil jim dat koart útlizze, en eins is it dan wol wer in bloch. Of sa.
Omdat guon my oan de kop seure oer wannear't der no einliks wer ris in nij boek útkomme sil, wylst De Lêste Trúk amper in healjier lyn op de merk kaam is, maar dit geheel terzijde, ha ik my wer in wike opsletten yn de arke op de Feanhoop.
Net omdat ik my opjeie lit, hear, mar ik hie in idee dêr't ik al in skoft mei omrûn. En dat besykje ik no yn in ramt te krijen. Dat sa. Yn de rin fan de tiid sil dúdlik wurde oft it slagge is. Ik lit jim noch efkes yn spanning sitte. En no net begjinne te beljen oer hoefier't it is, want it liket noch op stront. De ynspiraasje koe ferdikke wol ûnder de flues iis bedarre wêze dy't hjir op it petgat leit. Ik fiel der mear foar om in ein op redens de feart út, it is hjir in libbene krystkaart, sa moai.
Is dit no in bloch of net?

Reacties
Een reactie posten