De Rabobank fallyt?

 

Omke Rabobank stiet ûnder tafersjoch.

Doe't ik dat lies skrok ik. Soe it min gean? Aanst myn sinten fuort (foarsafier't ik dy ha). Noch nea ha ik yn de media en kranten heard of lêzen oer nuvere bokkesprongen fan de Coöperatieve Centrale Raiffeisen-Boerenleenbank B.A. 

De Boerenleenbank. Myn boekje wie gielich fan kleur, mei gouden letters as it my net mist. Elts jier yn de bernesparwike de sparpot oer de kop en mei in waardeloas kado wer op hûs oan. Jim sille it tafriel ek wol kenne.

En no ûnder tafersjoch. Stie op de foarside fan de LC. 800 miljard euro op de balâns. Yn 1972 is de namme Rabobank ûntstien, nei in fúzje tusken de Coöperatieve Centrale Raiffeisen-Bank en Coöperatieve Centrale Boerenleenbank.

Je krije der dochs wat in unheimisch gefoel by. Mar it grutte Brussel hat besletten dat soks moat. Om eskalaasjes foar te wêzen. En by SNS, ING en ABN sjocht big brother ek mei oer it skouder. No moatte wy der dus mar fan út gean dat yn Brussel de kennis sit om op al dy banken yn al dy lannen op in korrekte wize tafersjoch te hâlden.

Ik hâld myn hert fêst.

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts