We gean werom nei minne tiden



Doe't se my fregen oft ik wol in stik skriuwe woe út protest tsjin it sluten fan in oantal biblioteken yn de gemeente Súdwest Fryslân, ha ik daliks ja sein. Hy stiet ek op de blogside. http://biebsudwest.wordpress.com/2012/10/03/iepen-brief-oan-it-kolleezje-fan-boargemaster-en-wethalders-en-de-gemeenterie-fan-de-gemeente-sudwest-fryslan-2/

Iepen brief oan it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders en de Gemeenterie fan de gemeente Súdwest Fryslân.

Achte minsken,

It oantal bern dat mei in taalefterstân fan de basisskoalle komt, groeit hurd. Jongelju dy’t net op de hichte binne mei siswizen, útdrukkings en harren amper op skrift rêde kinne.

Eartiids wie it sa dat allinnich de ‘gegoede klasse’ tagong hie ta literatuer, neislachwurken en sa mear. It domme folk wie foar it wurk, en de oare (lytse) groep skreau de wetten. Omdat se skriuwe en lêze koenen. Lokkich is der no foar eltsenien dy’t dat wol, de gelegenheid om te lêzen.

Dy ûntjouwing hat ús grutte wolfeart brocht. Wy binne it op fiif nei rykste lân yn de wrâld. Dat kin hinnebruie.

Wy sitte op dit momint yn in krisis. Eh, dat wol sizze dat de minsken dy’t it goed betelje kinne dêr hast neat fan meikrije, en rêstich trochgean mei dêr’t se mei dwaande binne.
Nee, it treft de minsken dy’t ik hjirfoar al besprutsen ha.

It is of spilet de duvel der mei, rûnom sjogge jo it ferskynsel dat gemeenten beslute om de biblioteek ticht te dwaan. Wat is dêr ien fan de gefolgen fan?

De bern fan minsken dy’t no harren wurk kwytreitsje ha yn ’e regel net safolle jild dat se boeken keapje kinne. De stille earmoed is grut, sjoch mar nei it tanimmend oantal voedselbanken. Under dy bern is grif in oantal dat graach lêze mei, en dan bedoel ik net op de kompjûter, as it tsjinsit ha se dy aanst net mear, omdat de rekken fan de stroom te heech wurdt.
Sokke bern moatte yn in himsels respektearjend lân de mooglikheid ha om yn in biblioteek wei te dreamen yn in boek. En dêr net 15 kilometer foar hoege te fytsen.

It is in beskamsume ûntjouwing dat gemeenten dat poadium fuorthelje. Alles dat yn de rin fan de jierren ynhelle is, wurdt no mei de grûn lyk makke. We gean mei syn allen werom nei in tiid dêr’t it rike folk tagong hat ta fasiliteiten, it oerskot is foar de goddeleazen. Beskamsum. En no net daliks skermje mei ‘verzachtende omstandigheden’ want dêr traapje ik net yn. De pear ton yn it jier dy’t hjirmei besparre wurde, steane yn gjin ferhâlding mei de teloargong fan ús soarchfâldich opboude ynfrastruktuer fan plakken dêr’t jo oan selsedukaasje dwaan kinne.

De biblioteken moatte bestean bliuwe, en de skoallen soenen mear en better gearwurkje moatte mei dy biblioteken om de bern wer oan it lêzen te krijen.

Dat is wichtich. Dêr fertsjinje jo folle mear mei as mei it koarte termyn tinken dat 4 ton besparring yn it jier goed op de begrutting stiet.

As foarbyld fan hoe’t it ek kin, neam ik de Beleefbiblioteek yn Drachten. Bloeit as in pompeblêd yn july. Freegje mar ris hoe’t dy dat ha.

De minsken yn Koudum, Makkum, Wytmarsum, Warkum en Drylts de gelegenheid ûntnimme om yn eigen doarp as stêd in boek te lienen, tsjûget fan minachting, dommens en koartsichtich tinken.

Ik ha jim heger as dat.

Mei groetnis,

Ferdinand de Jong.

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts