Hakbile. Ik niet snap

Ja, in literêr blochje, minsken. Ha jimme der noch de puf foar om it te lêzen? Ik sil it koart hâlde.

Foarop: ik bin in grut foarstanner fan meartalig ûnderwiis. Ik ha der pleatslik ek wolris in baltsje oer opgooid. Mar de geasten hjir tsjin it mondaine Drachten oan sille der net gau ryp foar wêze. Dom, want it taalgefoel wurdt der allinnich mar better fan. De âlders fan Bart Jan wenje hjir ek.

As ús deputearre De Vries har sa ynset foar dat meartalich ûnderwiis, is it des te frjemder dat se oan de oare kant nuver mei de hakbile omslacht. Ik sil net sizze wat ik fan de jilden oan Tryater en Oerol tink, mar in goed lêzer snapt dat ik de ferhâldings op syn sêftst sein net sa trochtocht fyn.

Trijtalich, in rykdom. Fan de trije talen is der ien dy't wol wat ekstra stipe brûke kin. Ingelsk en Nederlânsk rêde har wol.

Hoe dom is it dan om de minsken dy't Frysk skriuwe, oersette en wit ik wat mear, de moed foar de skuon wei te meanen, om it mar ris bryk te sizzen. Net dat it winnen fan in priis in driuwfear is om te skriuwen, mar it kin, en makket it leuk, No, leuk moat alles wêze hjoed-de-dei. Om dy pear rotsinten no krekt oan de basis wei te heljen is wer sa'n typysk foarbyld fan, no ja, jim snappe it wol.

Dus: We binne wiis mei it Frysk oan de Twabaksmerk, en we pompe der jild yn, mar we ha der gjin wurdearring foar. Is dat in goede gearfetting?

En wêr is yn dit hiele ferhaal ús eigen FNP deputearre? It hoedzjen en noedzjen fan it Frysk soe by Johannes Kramer dochs as in reade lâpe op in bolle wurkje moatte? Dit hie er daliks fan tafel fege moatten. Of... it plús foldocht sa goed dat jo jo eigen identiteit mar efkes ferjitte? It is mar in gedachte, hear.

Yn Nederlân ha je de Libris en de AKO. Soe de Boeken fan Fryslân priis net yn it libben roppen wurde kinne?  10.000 euro út de pot foar in goede promoasje fan it produkt dat jo oan de man bringe liket my in prima alternatyf.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn

Moai waar fytser (in dramatysk ferhaal)