De timmerman Der is al in soad skreaun en praten oer de situaasje by Sportklup Hearrenfean. Foar de goede oarder, ik bin in supporter, al soenen guon dat oan de ein fan dit artikel wolris oars útlizze kinne. Wêr’t it my om giet is dat ik ‘myn’ eigen klup Hearrenfean net werom kin. Stomme graach wol ik wer it gefoel krije dat ik yn in waarm bad stap as ik it Abe Lenstra Stadion yn rin. Dat gefoel dat ik jierren hân ha, de lichte foarm fan spanning, want hast altyd barde der wol wat. Wedstriden om tsien oere jûns, stiif útferkocht. Jo woenen der by wêze, yn de 25 jier dat ik in seizoenskaart ha binne de kearen dat ik net oanwêzich wie by in thúswedstriid op de fingers fan ien hân te tellen. Sûnt earefoarsitter Riemer van der Velde de foarsittershammer demonstratyf oerjoech oan Koos Formsma, feroare de klup. Ik sil hjir net in blomlêzing oer Van der Velde hâlde, dy syn fertsjinsten foar de SC lykje my helder. In hast fallite boel troch goede kontakten en miski...
Ha jim it gefoel ek wolris dat it hearlik wêze soe om net mear alles te witten? Om komfortabel ferdôve te wêzen? Om net live tsjûge te wêzen fan de delgong fan Europa, Nederlân en de rest fan de beskaving ûnder it kopke ‘dit is progresje’? Om net josels alle dagen ôf te freegjen oft jo besite oan Auschwitz, Auschwitz-Birkenau, Sachsenhausen en it Holocaust monumint fan Peter Eisenman yn Berlyn allegearre neat te betsjutten hie, omdat deselde sentiminten dy’t ûnder it nasjonaal sosjalisme yn de jierren 30 fan de foarrige iuw troch de stêden propagandearre waarden opnij ûnder harren tinne laach stof weihelle binne? It is om moedeleas fan te wurden, om it mar ris sêft út te drukken. It docht bliken dat der net folle foar nedich is om yn deselde falkûlen te traapjen. De wrâld is dwaande om de omkearde evolúsje mei folle oertsjûging op gong te helpen, sa liket it. As wie der in revolte fan de Chicxulub-ynslag yn Mexico. Foar de minsken dy’t net witte wat dat krekt wie: in...
Links en rjochts Stadichoan begjin ik my mateleas te ergerjen oan it lân dêr’t wy yn wenje. It lân dêr’t wy alle dagen de foardielen fan in folsleine demokrasy fiere meie, yn relative frijheid. Dat relative kom ik daliks op werom. Sûnt de lêste twa ferkiezings wêryn’t de kiezer in helder antwurd jûn hat op wat se feroare ha wolle, yn alle tinkbere demokratyske frijheid fan it stimhokje, lit it lân him fan syn naarste kant sjen. It alâlde adagium fan it links en rjochts tinken en wêzen hat yn jierren net sa skerp west. Teminsten, dat wolle de politike brallers en razende media/kranten ús leauwe litte. Mar is dat wol sa? Ik bin nammentlik slim yn betizing. Dat wol ik graach mei in oantal foarbylden taljochtsje. Ik bin pasifist. Anty oarloch. Bin ik dan links of rjochts? Ik wol graach dat wy goede soarch ha en hâlde. Bin ik dan links of rjochts? Ik wol graach dat de âlderein net troch in robot, mar troch in persoan fersoarge wurdt. Bin ik dan l...
Reacties
Een reactie posten