Wiegel en sinteklaas

Jakkes. Ik wie fan doel en lit de ferkiezings my dit kear mar by de rêch del gliere, mar it hat je dochs wer (tefolle) yn de besnijing.

Dat kin ek hast net oars, want op hokker tiid fan de dei je ek nei de media sjogge of harkje, der is altyd wer in nije peiling of der sit ien as oare hotemetoot yn ien as oare studio. De minsken wurde gek makke.

Witte jo al yn hokker partij jo it measte sjogge? It is hjoed op twitter al sein, se meitsje it ús net maklik.
Europa, de Euro, de soarch om de soarch, en de kompetysje polityk korrekt wêze troch safolle mooglik minsken efter de traaljes te setten. It binne yn 'e regel iepen doarren, en jo wurde der net waarm as kâld fan.

En dan ha we Geert noch. Och, Geert. Net in wurd mear oan smoarch meitsje.

Ien ding is my wol helder wurden. De bekendste útspraak fan de âlde Wiegel, (VVD, net myn klup) oer dat sinteklaas bestiet en doe wiisde er nei Joop, jildt net foar ZZPers. No meie jo riede op hokker partij ik myn stim net útbringe sil.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen