Wêr binne se, de Boer Koekoeken?

No, hjoed is it dan einliks safier. Wy meie nei it doarpshûs. Dêr sitte in oantal minsken dy't ik ken, en sy my. Gjin inkele reden om der oan te twiveljen oft ik bin wa't ik sis dat ik bin. Dochs moat ik myn ID-kaart sjen litte.
Eins ha ik dan myn nocht al, mar toe mar.

It is oars mar in saaie boel, dy hiele polityk, fine jim ek net? Der is eins gjin donder oan, om it mar wat sterker te sizzen. Okee, se ha Pim en Theo omlein. Dat binne eksessen dy't je leaver net ha. Mar foar it oare? Saai.

Wêr binne de minsken dy't echt earne foar stean? Dy't it folk oan harren bine kinne? Rutte is frijfeint, no, dêr kin ik my wol wat by foarstelle. Wat in saaie Piet. Samsom en Buma? It binne trochsnee politike passanten. Wilders is in oar ferhaal, mar dat ferhaal doocht net.

Eartiids wie alles better. Doe wienen der echt moaie figueren. Ien fan myn favouriten wie fansels Boer Koekoek. Den Uyl is in den olie. Humor. Mear as in pear sitten krige er net, mar it wie in aparte fûgel, dy't om de haverklap de Twadde Keamer laitsje liet.

Mar hy krige ek klear dat der noch echte demonstraasjes wienen. Dy't troch de plysje mei karabijnen delslein wurde moasten. Doe wie polityk noch aardich. Sjoch mar yn it filmke. Pânserauto's en wapene dienders. En dat muzykje der by.

En ja, ik sil al te stimmen, en dat soenen jim ek dwaan moatte. Mar earst mar efkes nei it filmke sjen. Boer Koekoek hat de pipe der by oan. Moaie tiden.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen