Weduwe Joustra

Nei it trochslaande sukses fan de Pompeblêdfair yn restaurant De Koningshof yn It Feen, ha de De Jongkjes besletten in ferfolch oan harren gearwurking te jaan.

Kommend wykein is yn Oentsjerk nammentlik de LC Nazomerfair. Jim sille der grif al wat fan heard ha. Sels P. Paulusma is omkocht, hy foarseit oars hast alle oeren it waar op in oare wize, mar de loft boppe Stania State sil dit hiele wykein droech bliuwe. Neat stiet ús dus yn 'e wei om dêr ris in berch boeken en snobbersguod oan de man/frou te bringen.

Wat no iepening fan it Saailân? Wat no âlde muffe boeken yn Ljouwert? Oentsjerk is the place to be. 120 eksposanten, De Kast live en in springkessen foar pake en beppe, wat wolle je noch mear. Op dizze link kinne jo klikke en sjen wat der allegearre noch mear te dwaan is. http://www.lcnazomerfair.nl/

De K-rûte komt ek, want der is in workshop keramyk, en der binne Alpaca's, en dy kinne jo dan aaie.Wol efkes der om tinke, se spuie jo grouwe klodders flak yn it gesicht as je se tefolle moalkoekjes fuorje. Hoe dan ek, it giet der omwei.

No ha ik wol wat noed, ik bin bang dat ik de ein fan de beide dagen net helje. Wy steane nammentlik rjocht tsjinoer de stand fan Weduwe Joustra. Dat mochten jim wat letter op de dei komme, soe it wêze kinne dat ik yn de bleate kont op in tafel, mei in deechroller yn it gat, de Horlepiep dûnsje. Dat moat fan Facebook. 

Komt allen.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen