Vrede op aarde

Sina en Japan fjochtsje elkoar de tinte út om in pear eilannen dêr't se earder net iens fan wisten dat se der wienen. Lekker belangryk.
Moslims roppe en raze oer in filmke dat it besjen echt net wurdich is. Negearje is in bettere opsje.
Sa as elts jier nei Prinsjesdag komme der kommintaren oer de bydrage oan Beatrix. Op Facebook nei te lêzen, it is in repetearjend ferhaal.
Nei de fakânsje miene in soad minsken dat se earne in proefballon oer oplitte moatte, omdat se wer hielendal fit binne. Get a life.
It hoarekabûn makket melding fan it feit dat der in soad minsken harren snije yn dat wurk. No, je. Plestik romers en glêzen dan mar? Wêr giet it oer.
De Frânske regearing docht in stikmannich ambassades ticht. Ien kear riede wêrom? Krekt. Cartoons mei de profeet. En nimmen wit hoe't de man der útsjoen hat, de drokte oer soks is net te begripen.

It mei dúdlik wêze, de simmer is oer en de hjerst is in tuskenstasjon dêr't ik sa gau as mooglik trochhinne wol. Wat in geseur oer neat. Mar der is hoop, begjin novimber is alle drokte saksearre, en begjinne de minsken wer oan de krystdagen te tinken. Vrede op aarde en sa. Ljochtsjes by. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen