Twichtwedstriid

It is wat. Myn bydrage oan de twichtstriid fan de Moanne fan it Fryske boek komt net oan, omdat ik in ôfskerme twitteraccount ha. It is net oars. Mar omdat ik de beroerdste net bin sil ik oan alle minsken dy't my net folgje op twitter, lêze litte hokker flauwekul ik dêr op setten ha. 

De fiter fan myn boskmeaner is in grutte klier, hy slacht gauris troch de kattestront, dat ha ik dan yn 't hier. #twicht

In Bokwerd zijn wij van denken dat een twicht grote overeenkomsten heeft met een gedicht. #twicht

Ik ha der hjoed gjin nocht oan sei de swimmer, en hy fersûpte. #twicht

No, dan binne jim mar wer op 'e hichte. Se dogge dus net mei, mar dichtsje is dochs al net myn 'ding'. Noch ien foar it ôfwennen. Dizze útspraak is al âld, wy brûkten him thús wolris. Ik sil der nochris oer gear wêr't er weikomt. It soe in priiswinnerke wêze kinne, haha! 

It is mei it leauwen krekt as mei weake stront, it moat jo wat temjitte driuwe. #twicht


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen