Smarjild

Dit is in  betiid blochje, as ik dit skriuw is it noch tsjuster, der is gjin minske op 'e lappen en eins woe ik ek noch wol in oerke plat.

Mei oare wurden: jo moatte der wat foar oer ha om in pear boeken te ferkeapjen. Want dat is hjoed, lykas juster, it gefal. Neffens de fêste standhâlders op de Nazomerfair yn Oentsjerk sil hjoed goedmeitsje wat juster bedoarn hat. No, dan mei der wol aardich ferkocht wurde, kin ik jim melde. It folk om ús hinne hat de kosten der juster lang net út krigen, wy ek net.

It is ek wol skande, de útgong, dy't flak by ús kreamen like te wêzen, ha se tichtspikere mei dranghekken. Dus de loop is de oare kant út. Hawar, net oer eamelje, wy sille der wer foar. Juster noch twa skriuwers yn it wyld sjoen, wêrûnder de geastlik heit fan it kadoboek, Bak. En Boeken fan Fryslân stie der ek. Moai plakje, flak tsjin Stania State oan. Sil wol knap smarjild betelle wêze, haha!!!

Ik sil in pear bakken kofje nei binnen wrotte, suske stiet aanst wer op 'e stoepe. Laterrrrrrrr.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen