Seks resinsje. Altyd leuk.

Hjoed krige ik in resinsje fan De Lêste Trúk yn de mailbox. Mei tastimming fan de skriuwer mocht ik in stikje op myn bloch sette. It giet fansels oer myn sterke punt: de sekssêne. Ahum... Lees en huiver.



In prachtich boek, goed fan opset, spannend, en foaral de humor (dyn humor!) foelen der by my geweldich yn. Wol nuver: tidens it lêzen hie ik hieltyd dyn persoan mei de krullekop foar my en dêr kaam ik ek mar net fan ôf.
Ik wie ek benijd nei de sekssênes dêr’t de resinsjes it hielyd mar oer hienen.
No, wat my oanbelanget bisto dêr foar 200 %  “met vlag en wimpel” yn slagge! Niks gjin oerswylsk gedoch, mar moai ynhâlden, suver, op it poëtyske ôf. Knap wurk!!!
Lêzers dy 't fan wat dúdliker beskreaune seksuele aktiviteiten hâlde kinne altyd noch harren taflecht sykje by de Bouquetreeks. (ek wol BouKUTreeks neamd)
(amen)

Oant safier. 


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen