Rocksjongers

De tiid fan de listjes komt der wer oan. Fryske top 100, Top 2000 en mear fan soks. En alle oersjoggen der op ta. No ja, it sil wol.

Ik wie oan it wurk, ja, dat moat wolris, en hie myn earwaarmers mei ynboude radio oan. Meastal op de Omrop, mar ek wolris op Arrow Classic Rock. Dan meant it as in tierelier.
Samar kaam Journey foarby. Lights, hjit it nûmer. Ik sette dat efkes op twitter, en der blike mear minsken te wêzen dy't dat wol noflike muzyk fine.

It album Infinity wie altyd al ien fan myn moaiste swarte draaiskiven, mar as je it dan op de radio hearre, pikefel.

Goed. Listjes. De sjonger fan Journey, Steve Perry, soe altyd yn myn top fiif fan rocksjongers stean. John Waite ek. Paul Rogers ek. Mar dan, ja, ik sit wat mei in probleem. Past dêr wol in dame tusken? Of eins twa? Kin my ek neat ferhippe. Ann en Nancy Wilson binne myn favourite rocksjongers. Sa.




 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen