Oprop

Neffens my hat 90% fan de minsken dy't de Ljouwerter krante lêze, noch nea yn it gebou fan dy krante west.

Juster sieten der in 200 man/frou yn it atrium, en dêrmei wie it útferkocht. Allegearre minsken dy't wolris in Frysk boek lêze. Allegearre minsken dy't dat foar ûntspanning dogge, wol ik leauwe. Allegearre minsken dy't dêr aardichheid oan ha.

Dat moat wol in apart slach folk wêze. Soks is not done, in Frysk boek foar ûntspanning lêze.

No binne der aardich wat minsken dy't dizze bloch folgje, en ik tink dat it gros dêrfan Frysk lêze kin, oars binne it teminsten echte masogisten. Wat soe it moai wêze as jim op hokker wize dan ek, kenber meitsje dat jim in Frysk boek lêzen ha. Jawis, ik krij fan jimme geregeld reaksjes, mar dat komt net fierder as myn mailbox.

Skriuw in stikje. Mei ek yn it Nederlânsk, hear. Doch in yn in slúf en stjoer it op nei de krante. Hoecht mar in pear rigels te wêzen. 'Ja, ook ik heb een Fries boek gelezen, en wel voor ontspanning.' Sokssawat. As se it by de krante no efkes opsparje, kin der in moaie side op tabloidformaat mei folskreaun wurde. Doch mar, komt it Frysk wer ris posityf yn it nijs. En posityf nijs binne se gek op by de LC.

O ja, ook de avond verliep verder in een goede sfeer.  

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen