Michelle Martin

 

Je ha soms fan dy frjemde gedachtekronkels. Sa tufte ik niis oer It Súd yn Drachten.

Oan de rjochterkant stiet dan it Karmelkleaster, teminsten as je rjochting de Sweach ride. En doe moast ik tinke oan de nonnen yn it kleaster fan de Arme Klaren yn Malonne. Jim sille miskien net daliks witte wêr't dat is, mar as ik sis dat de eks frou fan Marc Dutroux dêr no sit, witte jim it grif wol. Michelle Martin is, neidat se frijlitten is, dêr ûnderbrocht. Oer wat se dien hat sil ik it hjir net ha, dat is wol bekend.

Ik freegje my ôf wêr't dy nonnen it mei dat minske oer ha. It binne allegearre froulju op hegere leeftiid. Wat is der mei sa'n frou te bepraten? Ha se it oer har ferline? Of sizze se dat se de húskepot skjinmeitsje moat?
Der hearsket yn 'e regel in serene stilte yn sa'n kleaster. Mar dy nonnen sille dochs kommunisearje mei harren nije klant. It liket my in freeslike situaasje.

En wat no as dy nonnen aanst ien foar ien de holle dellizze? Hoe komt it dan? Bliuwt Michelle dêr dan allinnich efter? Se is de jongste, dus as alles giet sa't it gean moat, sil sy de doar efter har tichtlûke. En dan?

Sa ha je soms jo gedachten. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen