K-rûte

Drokke dei hjoed. Bin ek noch nei Grins west. Jo dogge wat. Stie ik foar de brêge foar it Van Starkenborg knoal yn de file, omdat der sa nedich sân en grint nei de Ommelanden moast. Tsja. In akwadukt, bêste buorlju, wolris fan heard? Soks helpt tsjin files. Hawar, myn bydrage oan de (Grinzer) ekonomy is hjoed wer levere, ja.
Foar de boeren: de baitenkampanje is los en yn Sebaldaburen wienen se yn 'e mais. Oant safier it nijs út de libbene natuer.

Ik bin der hast wis fan dat guon hjir hjoed in bloch oer de K-rûte ferwachte hienen. Ha ik jim wer moai by de poat, no?

Jûn nei de Hoofdplaats. Preekje foar krantelêzers. Nocht oan. Doei!!!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen