In stikje Oranjewâld yn Boarnburgum

In jier as acht lyn ha ik in pear tamme kastanjes út de bosk fan It Wâld meinaam. Omdat se lekker binne. Hjir yn de buert ha we se net, en yn de bosk efter Brongergea ken ik alle beammen noch wol. Dus ek dy iene tamme kastanjebeam, flak njonken de rododendronpôle, midden yn de bosk. Doe't der in pear net mear te iten wienen, ha we se yn in pot treaun.

Se kamen boppe de grûn, en ik ha se yn de tún setten. Trije beamkes. Al dy jierren gjin kastanje der yn, mar hjoed seach ik ta myn blidens in bolster! De earste. No mar hoopje dat oar jier de boel noch wat better oanslacht, miskien ha we dan hjir ek it genoegen fan tamme kastanjes út eigen tún. In stikje Oranjewâld yn Boarnburgum. A sort of homecoming.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen