In moai ferhaal.

Sil ik jim ris in moai ferhaal fertelle?

Der wie ris in jonkje dat op de legere lânbouskoalle siet. En dat jonkje wie gek op muzyk. Hy sil in jier as 14 west ha, doe hie er genôch sparre. Fyftich gûne hie er yn 'e beurs. Hy op 'e fyts nei de muzykwinkel. En dêr skrok er aardich fan de prizen dy't op it guod stienen.
De man fan de winkel kaam op him ta en frege wat er moast. It jonkje sei dat er in gitaar ha woe, mar dat er mar fyftich gûne útjaan koe. De keardel seach aardich sunich. Der wie eins neat dat er yn dy priisklasse te keap hie.
It jonkje liet de skouders al wat sakje en rûn teloarsteld nei de doar, doe't de man him werom rôp. 'Ik ha in dei as wat lyn noch wat ynruile,' sei er. Hy rûn nei in foech âld hok en klaude wat yn de rotsoai om. 'Sjoch, dizze meist foar 25 gûne wol ha.' Hy joech it jonkje in elektrise gitaar oer. Under it stof en de smoargens. De snaren brutsen en sa fiis as de pest.
'Mar hjir komt sa gjin lûd út,' sei it jonkje foarsichtich. Opnij die de winkelman in greep yn de berch troep. 'Jou my dy fyftich gûne, krijst dizze fersterker der by. En nije snaren.'
It jonkje seach nei syn oankeapen en fielde de beurs yn syn bûse. Sa lang sparre en aanst mei in bult âlde troep thúskomme? Hy hearde syn heit en mem al protteljen. Mar it jonkje sei ja. Mei in fersterker en in gitaar kaam er thús en sleat de boel opelkoar oan. En ja, der kaam lûd út. Wat in wille foar 50 gûne.

30 jier letter.

De man seach nei syn gitaar. 'Sil ik dat âlde ding mar ris opromje?' sei er tsjin de frou.
'Nee, ik soe him opknappe litte, do hast him no al sa lang, jim hearre byelkoar,' sei de frou.
'Hast ek wol gelyk. Ik sil ris sjen wat se der fan sizze, as it neat is miterje se him mar yn de kliko.'
Mei de gitaar njonken syn stoel toffele it stel nei de winkel en de man lei it âlde ding op de toanbank. Nei in skoftsje kaam de winkelman op him ta. Hy seach amper nei de man, mar des te mear nei de gitaar. Daliks fielde er oft de knopkes noch wurken en sei doe: 'Ja, hielendal moai. Hielendal hip. En ek noch orzjineel. Wolst him ek ferkeapje?'
De man seach as seach er wetter baarnen. 'Hoedatsa?'
'No, dit ding is noch wol wat wurdich, foar de leafhawwer.'
'O. Ik sil dy mar net sizze hoefolle ik der foar jûn ha en wêr't er weikomt,' sei de man. 'Mar no't ik wit dat it in apart gefal is, knap him mar op!'

Dat jonkje wie ik.



En dy fersterker? Tsja, dat ha'k ris efkes googele, dy komt dus út de Fender fabryk. It is net te leauwen.  

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen