Guilty Pleasure diskusje

Juster hienen twa skriuwers op facebook in petearke oer muzyk. Yn it blêd De Moanne ha je alle kearen de rubryk Guilty Pleasure, oer in nûmer dat eins net kin, mar dochs wol hiel aardich is, en dat je stikem dus moai fine.

Neffens skriuwer ien woe er alle kearen wol sa'n stikje skriuwe, omdat er genôch moaie muzyk makke is dat (hast) ferjitten is, mar net ferjitten wurde mei. Skriuwer twa wie it dêr mei iens. En doe kamen der fansels in tal foarbylden. Ik sil se net allegearre neame, mar ien sprong der dochs wol út. ABBA. De hitmasine UIT ZWEDEN!!!

As ik de berjochten leauwe mei is de muzyk fan ABBA favoryt om mei te blêren yn de auto. Mar dan dogge je de komponisten dochs wol tekoart. It sit sa knap ynelkoar, dat it jierren letter noch it beharkjen wurdich is. Al dy fuck en shit roppende rappers fan hjoed-de-dei binne we oer in jier ferjitten. ABBA net.

Eagle is foar my de topper, mar ek dizze is prachtich. Sjoch, de manlju en froulju ha it ien en oar meimakke. En ellinde bringt faaks it bêste nei boppen as it om teksten giet. The day before you came is eins in ferhaal oer in dei yn it libben fan in frou, fan it momint dat se moarns wekker wurdt, oant se de flappen wer oer de eagen docht. Werkenber. ABBA, in jeugdzonde, of gewoan tiidleas moai? Ik gean foar it lêste.


Reacties

  1. Tiidleas moai! Wy binne mei in ABBA-Medley dwaande. Is noch net sa ienfâldich! Hielendal mei dy iens!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Trije jier ferlyn haw ik in Frysktalige oersetting makke fan it ABBA-nûmer "Cassandra". Binne der koarleden en/of diriginten dy't belang by myn tekst hawwe?

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen