Eutenasy

Dit wurdt wat in yngewikkeld blochje.

Stel jo ha in boskmeaner. It ding docht it prima, mar is op jierren. Dan komt der in tiid dat er wat mankeminten krijt. Dêr ha jo alle begryp foar. Jo besykje him sa lang mooglik fêst te hâlden, hy hat jo nea yn 'e steek litten. Dus de monteurs sjogge al mei dollartekens yn de eagen as jo it ding wer ris bringe.

Soms moatte jo ôfskie nimme. Hjoed wie dy dei. It ferstân moat foarop. Dus hienen jo stikem al in ferfanger klear lizzen. Mar in nije leafde moatte jo oan wenne. Sa bot, dat je eins beide masines tagelyk wol yn de âld izerbak soademiterje wolle.

En dan komt de sinne troch de wolken. Jo sjogge it ljocht.

De meankop fan de âlde masine is fan in net te oertreffen kwaliteit. De meankop fan de nije masine is op in moandei mei in soad pine yn 'e holle betocht. In werklik waardeloas ding. Jo steane der nei te sjen en tinke dan: Soe dy âlde kop net op dy nije masine kinne? Dan treft it dat jo twa rjochter hannen ha, mei in soad keunst en fleanwurk ferbine jo in Stihl kop mei in Hitachi motor. 

En it meant foar wûnder.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen