E-book berteberjocht

Freed stie yn de Freed fan de Ljouwerter krante in stikje oer nij te ferskinen Fryske E-books. Der waarden in oantal titels neamd, mar eins miste ik der ien. Gjin need, in mail nei it senuwsintrum der Friesche Persch Schrijvertsch, en dan komt der altyd in antwurd op.

Dêrom dit bertebejocht:

Tankber en bliid binne wy mei de berte fan ús jongste E-book.

Wy neame him as har, dat is noch net rjocht dúdlik: IT DAK FAN DE WRÂLD. 

Jo kinne it ynkoarten delhelje.  Romte nimt it net yn, it is net swier en der komt gjin stof op, boppedat wurdt it net giel nei in oantal jierren. 

Dat jim it efkes witte. En de druven binne yn de oanbieding, ik ha al in tros op. Hearlik.



 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen