De Moanne fan it Fryske boek op de Omrop

 

Prachtige útslach. It folk hat sprutsen.

In frijwat rjochtse VVD en in aardich loftse PvdA. Hoesa middenpartijen. Wat bin ik bliid dat ik net yn dy formaasjepetearen sit. Bin der fansels ek totaal net geskikt foar, nei in kertierke soe ik sizze: 'No, binne wy der út?' Dat, en in feit dat je in skoft tsjin de útstrutsen kop fan Stef Blok oansjen moatte soe foar my te bot op 'e senuwen oankomme. Elts syn fak, sille wy mar sizze. Se sille elkoar de tinte wol útfjochtsje en ik ha no al it fermoeden dat se de rit net útsitte sille. Wy sille sjen.

Wat oars: Freed giet yn Fryslân de flagge út. De Moanne fan it Fryske boek begjint mei in feest yn Tresoar. Dêrnei in wike as fjouwer aktiviteiten rûnom yn de moaiste provinsje fan Nederlân. Dy't fansels bestean bliuwe moat, mar dat is dan wer polityk, en dêr ha we wol genôch fan hân de lêste tiid.

No krige ik dizze wike tillefoan út de Hoofdplaats. De Omrop, ja, echt wier. En ik bin yn de babbeltrúk trape, mei as gefolch dat ik moarn mei de hinnen fan 'e stok moat. Tusken healwei achten en kertier foar achten komme hjir fjouwer frachtweinen om in streekrjochte line tusken Boarnburgum en Ljouwert te lizzen. Hinderwet, oanfreegje by de gemeente, jim kinne it wol.

Hawar, genôch idioat praat, de Omrop hat dus yn it moarnsprogramma oandacht foar de Moanne fan it Fryske boek. De fjildtocht giet fan Mantgum nei Boarnburgum en de streek leit yn Drachten. Ek op útstjoering mist te hearren, foar de trochsliepers.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen