It gelyk fan Robert Veenstra
It die my goed om de ynstjoerde stikken oer Hearrenfean foarsitter Robert Veenstra te lêzen. Der binne dus mear minsken dy't harren grien en giel ergerje oan it dekandente praat fan de man. Ien dy't net yn 'e gaten hat dat der ûnder dy 25000 minsken dy't ien kear yn de 14 dagen de tribune opklimme, guon binne dy't it amper betelje kinne.
Ien dy't seit dat as it belied net feroaret, hy de kaartsjes twa kear sa djoer meitsje wol.
Ien dy't dêrmei oanjout sels leafst net ynleverje te wollen.
Ien dy't it gelok hat dat de Feanfans ta it trouste publyk yn Nederlân hearre.
Hy sil grif prima reorganisearre ha, mar dêr stiet ek in boppe modale beleaning tsjinoer.
Ja, ik bin gek op it spultsje balskoppen. Ja, ik bin Feanfan. Altyd al west, sil ek wol sa bliuwe. Mar sjoch nei Glasgow. It is ien grutte sjippebel, dy topsport. Opbrocht troch omroppen, sponsors en supporters. In frijwat gemiddelde iishockeyer dy't yn de USA 3 miljoen yn fjouwer jier pakt, it is eins beskamsum. In kaartsje kostet dan al gau $100. Sa wurdt it besykjen fan in folkssport dus wer foar de happy few. As dat it paad is dat se hjir ynslaan wolle, en mei de VVD yn it regear is dat net útsletten, is it my wol goed.
It ferskil tusken earm en ryk komt yn ús perfekte lytse lân al mar mear nei it oerflak. Mar it balskoppen mei der net ûnder lije, neffens Veenstra. Skamje dy.

Der is mar ien remeedzje: Cambuur!
BeantwoordenVerwijderenSelden bin ik it sa bot mei dy iens west, Ferdinand. Dit raast oan de protters...!
BeantwoordenVerwijderen