Peaskefeestje
It wie wer in aparte earste peaskedei. Allinnich der op út. Mei permisje, dat dan wol wer.
In boekpresintaasje. Faak wat in tryst barren, foaral as it in Frysk boek oanbelanget. Beppe sei altyd as der in stien op it fytspaad lei: 'Tink derom, in stien, net oerhinne fytse.' Dêrnei stuitere se der dus sels oerhinne.
Mei oare wurden: in Fryske boekpresintaasje komt yn 'e regel del op seure oer de minne ferkeapsifers. It praat wurdt der as spiker nei in magneet hinnelutsen.
Juster ha 'k dêr neat fan fernaam. It publyk wie der miskien net fetber foar. Want sis no sels, op hokker feestje kinne jo efterelkoar prate mei: in hânfol dichters, in smite skilders, in bargeboer, in kroechbaas, in troubadour, in deputearre, in tenor, in fuotbaltrener, in stikmannich akteurs en in útjouwer. En dan bin ik de oare fyftich wol as net respektabele funksjes fan guon dy't dêr wienen, ferjitten.
It praat wie bytiden aardich smout. Yn it foarbygean sei in ferneamd akteur tsjin in ferneamd sjoernalist: 'Moatst dy efkes stilhâlde, der houd immen op klankskalen om.' En mear fan soks.
Off the record ha ik in bak oan ynformaasje garre. To mingle is it wurkwurd. Machtich moai, mar ik sil der gjin gebrûk fan meitsje. Sa soe ik jim fertelle kinne oer de takomstplannen fan in ferneamd Frysk... Nee, De Jong, tink der om.
Ik swij as it grêf...

Reacties
Een reactie posten