Twitter redding van het Fries?


 

Is Twitter de rêding foar it Frysk?

It ferskil tusken sprektaal en skreaun wurk is grut. Ik besykje, as ik wat skriuw, sa ticht mooglik by de sprektaal te bliuwen. Dat wie ien fan de earste oanwizings fan myn mentor, se wit wa't ik bedoel. Noch tank dêrfoar. It makket in stik tekst minder dreech. Mar de akseptaasje fan sprektaal yn proaza liket der noch net te wêzen. It moat noch altyd neffens de regels fan it spul.

Der is ferlet fan boeken foar pubers, hearde ik. No, dêr ha wy der ek ien fan. En Frysk? Ja, hear, se kin it prima lêze, dat hat heit der wol yn stampt. Mar op skoalle, hyves en sms? Nee. De macht fan it Nederlânsk is grut. It liket soms wol of skamje se harren foar it feit dat se meartalich binne, wylst dat no krekt sa'n rykdom is.

Wolle wy it skreaune Frysk foar bern oantreklik meitsje, sil dêr in omslach yn komme moatte. Ik sit der net in tel oer yn dat se it net leare kinne, frjemde talen op it fuortset ûnderwiis is ek gjin probleem. It moat hipper, flotter en minder bûn oan de strange kontoeren fan de djipfriezen.

Juster hearde ik dat der ynkoarten in Fryske game op de merk komt. Yn Ljouwert binne se dêr tige goed yn. Apps, games, om my in telekom oanbieder dy't de helte fan de sms'kes fergees docht as se de hestek #frysk deryn sette. Meitsje it leuk. Alhoewol't ik in hekel oan it wurd leuk ha. Hip, fet of wit ik wat se der tsjin sizze. 

Myn twitterfreonen jouwe my antwurd yn it Frysk. Der sit wolris in ferkeard wurd tusken, mar dat docht der gjin bliksem ta. Se dogge it. Eelke Lok syn kollum sloech hjoed de spiker op de kop, miskien moatte we akseptearje dat der minder lêzen wurdt. Mar dat hâldt net yn dat it Frysk ferdwine moat of sil. Dêr is wol wat oan te dwaan. Hip. Dat is it biedwurd. Of seksy. Noch better.

Reacties

  1. Hoi Ferdinand,

    Dat socialmedia wolris in rêdding foar de Fryske, skreaune taal betsjutte kinne bin ik mei dy iens. It is ek wis dat wy dan akseptearje moatte dat der in soad skriuwtaalwurden ferlern gean sille. Hoewol't ik it argumint fan de sprektaal begryp en it der ek wol wat mei iens bin, bin ik der wat twaslachtich yn. De sprektaal is moderner en seker foar de jongerein tagonkliker, de skriuwtaal fyn ik folle riker.
    Sels mien ik just in ommekear te bespeuren op it ynternet: dat der just hieltyd mear Frysk skreaun wurdt. Ek troch guon fan wa't je it net ferwachtsje en dy't de taal yn it deistich libben fierder net brûke. Dat fyn ik wol moai.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts