Twadde printinge?




Ha, goed nijs hjoed!

De funksje fan de nije media yn gearhing mei it ferkeapjen fan boeken, dêr ha ik it oer. Facebook en twitter yn dit gefal. Jittikmigers sizze altyd dat je net in boek ekstra ferkeapje troch gebrûk te meitsjen fan it www. Hjoed kin ik melde dat soks net doocht.

In wike as twa lyn krige ik in freonskipsfersyk fan immen dêr't ik sa'n 850 jier lyn mei op skoalle sitten ha. Teminsten, sa lang lyn fielt it. Elts is drok mei syn of har eigen, dus nei de LAS yn It Feen nea wer kontakt hân. No wol wer, tige aardich. En de persoan yn kwestje kaam der achter dat ik in nuvere hobby ha, skriuwe yn in minderheidstaal. Sy hat ien fan myn boeken kocht, en die op Facebook melding dat se op de bank siet te lêzen, mei Guozzeflecht yn hannen. Machtich, no?

Jittikmigers sille no sizze, ja, zo kan ik het oek. Kunde fan eartiids in boekje slite, dat is neat mei neat. Efkes wachtsje, negative djipfriezen! Sjoch, dizze persoan hat ek wer Facebookfreonen. Wat blykt no: Ien fan dy freonen is ek in Fryske lêzer. Gek op Rink van der Velde syn wurk. En dy reagearre op de status fan myn eks skoallegenoat. Dy fertelde op har beurt dat sy my koe, en ik ha dêr wer wat op sein. Je ha it der mar drok mei, mar it smiet wol op dat dy oare persoan sei dat hy ek om in boek fan my út soe. Sjoch, dat binne der al twa!

Stel no, dy freon fan myn eks skoallegenoat hat ek in freon dy't... Noch in pear wiken, dan binne we oan in twadde printinge ta, as it sa trochgiet! Lang libje Feestboek!

UPDEET, BREKKEND!!! Myn âld skoallegenoate hat se beide kocht. Guozzeflecht en It dak fan de wrâld. En Hilda Talsma sil ek nei de boekhannel. Ik mei de FPB wol hast belje.

Reacties

  1. Kinst neigean. Ik doch it wer kado oan'e heit fan myn eks. Dat is al trije. Dy hat trouwes gjin feestboek en hy twitteret ek net. Mar hy sit mei dat boek aanst wol op'e kemping. Sjoch.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Dat giet as it slydjaget. En dan moat de tredde noch útkomme! Hoe liket it dêrmei?

    BeantwoordenVerwijderen
  3. @Meindert: Wurdt oan wurke! Noch efkes geduld.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Ik bin benijd! De earste haw ik al, mei hantekening al.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts