Komplot fan de LC?
In klucht yn ien bedriuw. (oant no ta)
Wy jouwe om it miljeu. Yngreven ûndersyk hat opsmiten dat al dy beammen dy't omkapt wurde om der kranten fan te meitsjen op in gegeven momint stean bliuwe kinne, as jo in digitaal abonnemint nimme. Earne leit in omslachpunt. No stiet de kompjûter dochs wol in pear kear deis oan, dus ha wy famyljeberied holden. Wy gean oer op digitaal. Nei 35 jier de papieren krante op it skerm. Hoege jo je ek net mear te ergerjen as der om healwei seizen noch gjin krante is, no?
Wy ha dat melden oan de LC. De man oan de tillefoan wie al wat wrantelich, mar toe mar. Wy bliuwe lid, dat al te raar koe er it net meitsje.
No komt it. Wy moasten in machtiging folkrasse. Wêrom is my net dúdlik. Se ha myn namme, adres en bankrekken, al mear as 18 jier. Yn itselde gebou sit myn útjouwer ek, dus mei ien tillefoantsje wie dit klear west. Mar it sil wol wat juridysk wêze. Datsoarte burokrasy makket my net bliid. Dus ha ik it kaartsje ynfolle, op myn bankrekkennûmer nei. Dwers, mar as ekskús kin ik oanfiere dat in kaartsje mei in rekkennûmer ek yn ferkearde hannen falle kin. En dat soenen se dêr by de LC ek net wolle. Dit is dat kaartsje. Myn adres stiet der al op, mar dat is yn elts tillefoanboek te finen.
Klear. Betelje ien kear yn it fearnsjier. Op de bus en de saak regele. Tocht ik. De PTT hie dêr wat in oar idee oer. It twadde part fan de klucht begjint no. En jout my gelyk yn myn stelling dat dit kaartsje ek wol yn Wit ik wêr bedarje kinnen hie.
In dei letter falt de post yn 'e gong. De gids, wat reklame en gjin rekkens. Mar doe't ik de brot opkrige, lei dy machtiging noch yn in hoekje. En ik wie der wis fan dat ik dy in dei earder op 'e bus dien hie. Neffens my fleane se mei sa'n kaartsje nei Swol, dêr set in masine der in stimpel op en de oare dei krije jo mei wat gelok it poststik yn hûs besoarge. Mar dit stik wie dochs echt oan de LC rjochte. Sjoch mar.
Komplotteory:
De LC sil dus mei de PTT om tafel sitten ha? Stjoer dy machtigingen mar wer nei it hânskreaune adres, miskien geane se der noch foar omlizzen? Of binne dy postdowen troch alle besunigings sa útblust dat se der in potsje fan meitsje?
Hoe dan ek, ik smyt it kaartsje wer op de bus. Mei stimpel en al. En moarn mar sjen oft de post him wer by my in de bus smyt. Leuk spultsje, de oanhâlder wint. En dan te begripen dat wy om it miljeu jouwe...

Ik bin der fûl tsjin dat elks mar digitaal mat, wat mat ik dan as earlike kranteman, mat ik dan sûnder krante by de minsken del om de kompjûter oan te setten en foar de minsken de site opsykje, wat in wurk, nee, dan hâld ik der mei op.
BeantwoordenVerwijderen