Gratis Frysk boek
Juster kaam der samar in wyld idee yn my op. En dêr ha 'k in fraach oer skreaun. Dat smiet in soad reaksjes op, fandêr dizze bloch.
De fraach wie: stel der soe earne in ferlern manuskript omswalkje. Is it dan as proef in idee en set dat yn parten op Facebook. Samar in idee. Net in nij idee, Willem Schoorstra hat lêstendeis itselde dien mei in ferhaal oer in hurdfytser. Mar dit is in roman, en gjin ferhaal.
Omdat it manuskript bestiet út tige koarte haadstikjes, like it my wol geskikt. Oan de oare kant is it yn de brij fan Facebook-berjochten miskien net werom te finen. Miskien is it better en set it yn parten op myn webloch? Mei in linkje op Twitter en Facebook? Ik wit it net, mar reaksjes binne tige wolkom.
Fraach fan jim soe wêze kinne, wêrom wolst dat dwaan? Samar in manuskript 'fuortjaan'? Antwurd: it leit hjir mar, en ik wol oer in skoft wol wer mei wat nijs oan de gong. Yn sa'n tekst omgrieme ha 'k net it measte nocht oan.
Kommersjeel besjoen kin it neffens my twa kanten útgean mei soks. Of de minsken dy't it lêze wurde sa nijsgjirrich dat se mear fan skriuwer ha wolle, of se tinke: Moai, no is it fergees, wêrom soe ik dan noch in boek keapje. In gokje dus. Ek dêr soe ik jim miening graach oer hearre wolle.
Oer it manuskript: it is spannend. En it giet derom wei. Sis it mar.

Goeie Ferdinand. Liket my wol in aardich idee, mar dan net op Facebook, dêr hat lang net elkenien tagong ta!
BeantwoordenVerwijderenFreonlike groetnis: Cornelis
Wêrom net nei in útjouwer stjoere? Of wolst der op oan dat in elk de mogelikheid hat om fergees in moai boek te lêzen? Dan soe ik er in apart blog foar meitsje, want as jo alle kearen sykje moatte om in nij haadstik, is de wille der gau ôf. Meist it ek wol yn ien kear op'e mail sette hear, printsje ik it út en ha'k wer in nij boek om jûns foar it sliepen oer gear.
BeantwoordenVerwijderen