Tips foar brûkers fan de arke

Op de side fan Ensafh stie sa as elts jier de oprop foar skriuwers en oare oanhingers fan linkse hobbys om harren oan te melden foar in skoft retrête yn de Skriuwersarke op de Feanhoop. Soks is oan te rieden, mar yn it ramt fan de Arbo it folgjende.

De ôfrûne hjerst bin ik ek in wike útfanhûs west op dizze lokaasje. Moai, hear. Kreas ding, dy Arke, jo binne neat brek. Nei twa dagen tsjin de muorren opfleanen ha 'k dêr in aardich stikje skreaun. Mar dy nachten...

Yn de arke sit in sliepkeamer mei twa bêden. Guon mei stoute plannen kinne dy ek tsjinelkoar oanskowe. Goed, healwei de earste nacht mitere ik dus op de flier. Bats. Beautysliep nei de barbysjes. De twadde nacht ha 'k my sa krampeftich deljûn dat ik mei spierpine en pine yn de rêch wekker waard. Nuver. Lokkich kaam der besite, en dy kamen mei de oplossing. 

De tredde nacht bin ik ferhuze nei it oare bêd. Dy arke hinget nammentlik sa bryk as in kroade. En doe wie it klear. Teminsten, ik lei stiif tsjin de bûtenmuorre oan, mar op de grûn donderje koe net mear. Omdat ik myn kollega's alle goeds tawinskje, is de problematyk op heech nivo oankaarte. En de oplossing is net dreech. Insiders fertelden my dat de izeren driuwers lek binne, en dat der al aksje yn ûndernaam is, allinnich noch net oan de sliepkeamerskant. Dat sil dus wol goed komme. Mocht it noch net klear wêze as de earste syn of har koffers op de Feanhoop delset: Sliepe tsjin de muorre oan. Kin der neat mis gean.

Reacties

  1. En in pear tips tsjin de macht fan de miggen soe ik skriuwe, mar it binne langpoaten, soene ek wolkom wêze.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Margreet Boonstra28 februari 2012 om 04:39

    Wier een Aha -erlebnis dit blogje

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen