Thialf en it grutte jammerjen

De marginale sport reedriden is grut yn hiel Nederlân. Dat is moai, want dan ha we hjir geregeld in feestje, as der wer in 'oranje-poadium' de folsleine 'konkurinsje' nei hûs riden hat.

 

Ik wit noch goed dat Thialf gjin dak hie. Op snein pykte ik faak út, fytste nei de iisbaan en slûpte de kantine yn. Net om nei de 400 meter preamkeskowerij te sjen, welnee. De oare kant fan de kantine, dy luts my oan. Dêr hongen swiere gerdinen foar, en dêr krûpte ik efter. Want dan koe ik fergees nei de Feenstra-Flyers sjen. Yn in dampende en stampfolle hal, dêr't je de reek snije koenen, spilen Jack de Heer, de mannen fan Nota út Sint Nyk, Larry van Wieren en Tony Collard.

Doe kaam der in hoed oer de bûtenbaan. En it riden wie foargoed feroare. Gjin knipperjende Piet Kleine yn in sniebui mear, mar state of the art klimaatkontrolearre sporthallen. No skynt it dat dy hoed net mear fan dizze tiid is. Yn oaljelannen bouwe se nije, bettere stadions. En dat moat hjir ek. Shani Davis sei terjochte dat se hjir net sa seure moatte, mar hawar. Oanhâlde as storein, dan tinkt op it lêst eltsenien dat it echt moat.

Dan komt it. De polityk moat der oer gear. En Doekle hinget der ek noch as in skaad oerhinne. Ien en ien optelle en je witte dat der tefolle praat wurde sil, dat it lang duorje sil, dat it bedrach in kear sa heech útkomme sil, dat der earne immen stjonkend ryk fan wurde sil, en dat harkje nei in oar net de bêste eigenskip is fan guon mei de kont op it plús.

Want, dizze jildferslinende diskusje hie hielendal net hoecht. As se mar nei minsken út de praktyk harkje wollen hienen. Henk Gemser sei, foardat it grutte geëamel losbarste, nammentlik dit.

http://nos.nl/video/325188-gemser-weet-wel-raad-met-thialf.html

En sa sil it no dus komme. Allinnich ha se der in nije namme foar betocht: vernieuwbouw.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen