Rink van der Velde sjuery-rapport ûnderskiten





Ik ha plakferfangende skamte. Dit soe in bliid blochje wurde oer Oepke en Sukkeltsje. Dy steane hjirûnder op de foto. Ik hie se Karen en Symen neame wollen, mar as jimme dizze bloch lêzen ha, snappe jim wol dat ik soks net mear oandoar. Mea culpa, it spyt my, it is in skande, mar ik koe der neat oan dwaan. Se binne oars wol leaf, fine jim ek net?



 
Goed, wat is it gefal? Dizze beide hapsnurkers binne as kampioenen út it aai krûpen op de wrâld kaam. Foar insiders is te sjen dat lofts in wytweiten hoanne is, rjochts in gielwytweiten hin. As jim no noch efkes goed nei de foto sjogge, is goed wier te nimmen dat Sukkeltsje daliks mar in knappe bult op myn buro skiten hat. Hawar, keukenpapier by de rûs. Mar no komt it slimste stik fan it ferhaal. Oepke miende dat er net efterbliuwe koe. Sa as guon fan jim miskien witte, ha ik dizze wike in beskieden priis wûn. Dêr siet in kreas sjuery-rapport by. Ja, jim fiele it al oankommen, dat leit hjir foar my. Omdat ik fansels tige goed omgean kin mei opbouwende krityk, ha'k it al in kear as wat trochlêzen. No, dêr hie Oepke dus krekt wat in oar idee oer. Hy naam de wyk, gie boppe-op it rapport sitten en skiet der in bult op. Net bêst.
Ik bin my der fan bewust dat dit fêst de earste kear yn de skiednis is dat in krekt út it aai kommen pyk in literêr sjuerystik besmotsket. It muoit my. Ik doar de minsken dy't it oangiet net mear ûnder eagen te kommen. En dat wylst it sa'n moaie wike wie.

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts