Nominearre


Ik sil it mar earlik sizze: ik bin meastal wat synysk as ik in brief fan de gemeente krij. Hjoed foel der ek ien op de matte. Ik tocht blinder, se binne wol betiid mei de oanslach fan 2012. Mar dizze wie tichtplakt mei selloteep, en dat is oars nea sa. Dus it omkaft iepenmakke, siet dit der yn. Sjoch, dat is wat oars. Leuk, feestje. Mar efter dizze kaart siet ek noch in brief. En dêryn stie dat It dak fan de wrâld op de shortlist fan de Rink van der Velde priis 2012 stiet. Daliks tocht ik, hoe lang is in shortlist? Hy moat wol short wêze, oars hienen se it wol in longlist neamd, no?
Fia twitter (wêr soenen je wêze sûnder twitter) kaam fan de klaai it berjocht dat Tresoar de list op Sirkwy setten hie. Nije wike woansdei sitte der dus in stik as fiif skriuwers yn it mondaine Dr88. Trije of fjouwer mei it smoar yn, ien winner. Trije? Jawis. Ik bin bot op 't skik dat myn boek op in shortlist stiet. Dat hat in longlist oan krewearjen koste, en al de rest is bonus. Wa't it ek winne sil, in nominaasje is foar my ek al in priis.

En de haadpriis? Dy ha ik al. Ien sit te krantelêzen, ien docht in workshop streetdance yn de Lawei en de lêste hat in swimfeestje. Dus it kin nea mis gean.   

Reacties

  1. It is mar goed dat ik de boel fanôf de klaai in bytsje foar dy yn de gaten hâld.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts