Juster is hjoed net
No, moarn allegearre. Ik hie juster, doe't ik fan bêd kaam, net tocht dat wy it waarme miel yn kafee Marktzicht nuttigje soenen. En ik ha net al te bêst slept. Rûzich yn de holle, hoe soe dat no komme?
In hiele rige mei lokwinsken fia twitter, facebook, mail, sms en tillefoan. Tank dêrfoar.
Achternei kin elts in ko yn de kont sjen, mar je wolle der net oan. Ik bedoel dat de frou neat út de friezer helle hie foar it jûnsmiel. Dus sy wist mear as ik, sels de beide dochters wienen op de hichte, mar dy duvels hienen de âld man dus kreas by de poat. It sil de famylje, freonen en buorlju bekend foarkomme, by de presintaasje fan Guozzeflecht wist ek nimmen wat der barre soe. Wy kinne swije as it grêf as dat nedich is...
Tiemersma, Wind, Peanstra, Terpstra. Soa. Net in mislik rychje, liket my. Niis stie op Wikipedia myn namme dêr ek by, en dat is foar my frijwat in surrealistysk idee. It sil wat tiid nedich ha om dêr oan te wennen. Dat wol net sizze dat ik der net wiis mei bin, krekt oarsom.
Hichtepuntjes juster: Dat frou, bern en de âlders fan beide kanten der wienen. Moai. Mar it moaiste wie de tút fan Mineke van der Velde. Sy sei tsjin my dat se de hiele dei senuweftich troch de keet skarrele hie, mei de gedachte: 'As er him no mar krijt.' No, sa. Hy hat him.

Reacties
Een reactie posten