In muppet yn Pauw en Witteman

It is in wike mei in soad reuring oer Pauw en Witteman. Earst de beskamsume wize wêrop't de beide hearen Nebahat Albayrak ûnderfregen. Wa? Ja, dat is dy dame dy't har as mooglik lieder fan de PvdA ferkiesber stelt hat. Wy (de sjoggers) kenne har as steatssikretaris fan it bluisterich skodzjen mei har foarkommen yn de Twadde keamer. Dyselde, ja. En dat wist Jeroen Pauw ek noch tige goed. Boppedat: in frou en fan Turkse komôf. Hakblok klear en los mar. Gjin sjoernalistyk fan in heech nivo.


Juster wie it ek wer raak. Dizze kear kaam de eare ta oan ien fan de gasten, de ferneamde heechlearaar Kinneging, wa kend him net. Hy sjocht der út as in portier by in foute nachtklup, en docht my ek tinken oan ien fan de Muppets, en dat is dan dy mei de blauwe holle yn de efterste rige. Neffens my spile dy saksofoan yn de Muppets-band.
Dizze man is de partner fan Buitenhof-columniste Naema Tahir. Dy fage de flier oan mei Rudger Castricum, de ferneamde PowNews pseudo-etterbak dy't oeral syn mikrofoan tusken stekt, om mar minsken yn de seik te setten. Dat leveret faak tv op dêr't je mei it swit yn de hannen nei sitte te sjen, mei oare wurden: stikem sjocht eltsenien der wolris nei. Roomsker as Ratzinger binne wy net, no?


Castricum woe fansels ferhaal helje oer dy sprutsen kollum yn Buitenhof. Negative oandacht is ek oandacht. En doe gie it mis. Foar Kinneging dan, op de redaksje fan PowNews ha se in flesse sjampy iepenlutsen, tink ik. Ynstee fan de doar ticht te dwaan, gie de man yn diskusje, en dage Rudger út. En der waard wat hinne-en-wer drukt. Testosteron genôch foarhannen by dizze eks gewichtheffer. Dom!!!


Yn de útstjoering dolde er syn eigen grêf. It stumper draafde sa troch, hy woe sels alle media fan it Binnenhof fuort ha, sadat de polityk wer rêstich syn eigen ding dwaan koe. Sûnderdat minsken as Castricum der de draak mei stekke kinne. Hoppaaa, werom nei de jieren 20. En dit figuer is heechlearaar? Ik freegje my echt ôf wêr't dy de nedige bryfkes weihelle hat.


PowNews stiet foar satire. Net foar sjoernalistyk heechsteand wurk. Dat soe in heechlearaar dochs troch ha moatte. Boppedat meie we de konklúsje lûke dat Pauw en Witteman en PowNews soms net safolle foar elkoar ûnderdogge wat it nivo oanbelanget.

Reacties

  1. Om in muppet kin ik noch wol laitsje, om dizze knaap net. Brr, wat in grizel. Dat stel krijt ek noch bern, want se is acht moanne hinne. Arrem kind!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. No, sa. Jo sille in bern ha dat by dizze 'hoogleraar rechtsfilosofie' yn de kolleezjebanken sit.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. En ik wie oars altyd sa'n fan fan de muppets...

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen