Ik niet snap #thialf

Lis my no ris út. Jo skowe in gebou plat, en bouwe der in nij ding op. Dat komt der op del dat der in folslein nij gebou stiet, dochs? Of ha ik it mis?

Goed. Twadde foarbyld. Jo moatte in djoer stik grûn keapje, dêr sette jo in nij gebou op. Dan stiet der in nij gebou, dochs? Of ha ik it no wer mis?

Neffens my kinne je beide kearen de nijste wize fan bouwen, mei dat freeslike wurd 'duurzaam' (ik moat der hast fan koarje) tapasse, dochs? Of net?

It komt der op del dat it oeral yn de reedriderswrâld bûten Fryslân allinnich mar om byldfoarming giet. Mei grutte domme Doekle foarop te razen. Se freegje harren net ôf oft je miskien mei minder jild deselde resultaten helje kinne. Neffens my wit Doekle amper hoe't er yn It Feen komme moat. Mar wol daliks sizze dat wêr't se ek mar in nij stadion bouwe, se grutte kâns ha om de kampioens-riderijen binnen te heljen. Sels mei teigatten yn it iis, is it noch better as in folslein nije iishal op itselde plak yn It Feen. Snappe jo it noch?

Reacties

  1. Nee, ik snap der ek neat fan. Wa't in rûntsje rydt yn it nije Thialf hat dochs gjin each foar it plak dêr't er is. Boppedat hat Thialf gjin ruten, dat nei bûten sjen is der ek net by. Gewoan gesanik om neat. mar goed, wa't Thialf by Abe hawwe wol, moat mar ta de bûse. En doe waard it stil...

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen