Fryske boeken yn de ponnykantine

Sa sitte je yn de kantine by it ponnyriden, in pear tellen letter falle je mobyl middenyn in diskusje oer Fryske boeken. Dus de knibbels mar tsjin de radiator oan, want meastal waarmje distsoarte petearen je net daliks op ta koartsich hege temperatueren. En de kjeld lûkt faaks út de fuotten wei omheech.

De konfersaasje gie oer sichtber wêzen fan útjouwers op de sosjale media, de oandacht (dy't der hast net is) foar nije útjeften, en sa mear. Ik neam gjin nammen, jim binne frij om sels in Facebook account oan te meitsjen en mei te feestboeken, dan is alles nei te lêzen. Der sil in wrâld foar jim iepengean, dat sis ik jim no al ta, de literêre diskusjes spatte faak fan it SyncMaster 923nw skerm ôf. Ferdivedaasje genôch foar de kommende grize weach oan potinsjeel Frysklêzers. Boartsjendewei krije jim de twadde rykstaal dan grif sa goed yn de macht dat je it beslút nimme om fia Bol.com de nije pak em beet roman fan skriuwer De Jong oan te skaffen. Je hoege der gjin stap foar te bûten de doar te setten, alles wurdt jo yn hûs besoarge, dus wat wolle je noch mear.

It belang fan Facebook sil dus grutter wurde. It is de krante dy't je fergees krije. Klik in linkje oan en je ha in besprek fan in nij boek te pakken. Dus yndie, de Fryske útjouwers moatte as de drommel sjen dat se in berch freonen krije, en bombardearje twitter en facebook mar plat mei nij Frysk wurk. It is ien fan de saken dy't de delgong fan it lêzen tsjingean kin. Ik sis net dat it dè oplossing is, mar baat het niet...

Yn itselde petear kaam ek it idee om yn de Fryske literêre tiidskriften (digitaal en fan papier) standert in list mei 'Nij op de planke' op te nimmen. Daliks dwaan, liket my. Alle reklame is wolkom.

Nije wike freed healwei achten sit ik der wer klear foar, Facebook op de Fryske boekentour yn de ponnykantine. Jim ha in wike om jim ta te rieden, in account is samar klear. Join the club!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen