Frysk noch net dea

Der wurdt gâns jammere dat it sa min mei it Frysk giet. Dizze wike ha we fergees wer ris in boost krigen, allinnich omdat it kâld wie. Safolle is der dus blykber net foar nedich om de negative teneur in draai yn in oare rjochting te jaan. Hiel Hollân wie sa gek yn de kop dat se grif in kursus Frysk nimme woenen om der mar by te hearren. 

Op ynternet is it Frysk alom oanwêzich. Elkoar de flieën ôffange is ien fan de grutste hobbys, it giet der bytiden mâl omwei. Mar it is prima foar de taal, hear. It iene stik is noch moaier skreaun as it oare. Ien mei kreas proaza de grûn ynboarje. Elts syn of har leafhawwerij, sille we mar sizze. Ik wol ek wolris wat dwers wêze, foaral as it om hoantsjes lykas de boargemaster fan... Lit mar, jim ha it fêst al lêzen.

Der is in soad geande. Literêre tochten op wei nei 2018, lêzings rûnom. De KFFB dy't skriuwers oantrunet om foaral manuskripten oan te leverjen. Ik nim oan dat der in stik as wat karkommisjes dwaande binne. Nije wike sil sein wurde wa't de Rink van der Velde priis krije sil. Dichters dy't manmachtich nei Snits kamen. Eltse wike wol in besprek fan ien as oar Frysk toanielstik. In 24-oers kanaal mei inkelt Fryske muzyk. Sa freeslik min giet it dus ek wer net. Genôch te dwaan.

Ja, de ferkeap fan boeken. Dat koe wol in knikje better. De tiid is dien dat skriuwers in boek ôfleveren en de boekhannels tegearre mei de sutelaksje de oplage ferkochten. Dus moat der wat oars barre. Hjir en dêr fljocht wolris in wyld idee troch de loft. Der wurde sels brainstoarmsesjes organisearre. Mei oare wurden: it Frysk is noch lang net dea. Dat hat dizze wike bliken dien, en dat sil de kommende tiid bliken dwaan. Markmywords.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts