Fine-tuning

Blinder, se evaluearje yngreven dêr op de Bûterhoeke. Dat mei ik lije. Trochstrings hat in gemiddelde ynwenner fan Fryslân der gjin jota fan wat dêr allegearre besprutsen wurdt efter de muorren fan it senuwsintrum fan de skriuwerij yn de provinsje. No, ik dus wol. En ik moat sizze dat se gjin heal wurk leverje, Oppewal en konsorten, haha! Werklik minsken, it is fakwurk mei in haadletter F. En se heakje op in prima wize yn op de aktualiteit. Alle hoeken en einen komme oan bar. En dêr bliuwt it net by, nee, der wurdt ek noch neisoarch levere oan wrakseljende, knoffelige knurften lykas my. Opbouwende stikken fia de mail komme op my ta fleanen. Dat alles om it hegere doel te tsjinjen: de skriuwerij yn al syn fasetten ta grutte hichten op te driuwen.

Dizze kear kaam it del op in wiidweidige stúdzje nei it lizzende wurk. Ik stel my foar dat der drok yn de kofjekopkes omreage waard, doe't it ûnderwerp op tafel kaam. It sjueryrapport der by, en alle kunde oangeande de matearje út de kast om hjir rjochtdei yn te hâlden. It Fryske dúmke dat njonken it kopke lei wie yntiids dweiltrochwiet, mar net ien hie troch dat se wat slanterich waarden. Dit wie pas evaluearjen! Nei in lang petear waard de knoop trochhakke en de kar makke oer hokker stik it bêste oan skriuwer De Jong jûn wurde koe. Sadat er op syn jierdei neist in reade noas fan it ferkâlden wêzen ek noch mei reade earen yn de stikken fan Tresoar siet te sneupen. Sjoch, dat is neisoarch, minsken! Wêr fine je it noch sa. Hulde en respekt.

In sitaat út it stik: In deze workshop worden om educatieve redenen dingen bij hun naam genoemd. Vandaar deze waarschuwing: dit is 18+

Bin ik bliid dat der moarn gjin besite komt! Ja, buorfrou miskien. Mar net te lang, want ik ha it drok. Fine-tuning.

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts