Pûkel yn it each?
It sfearferslach op twitter oer in wachtkeamer moat wol in ein krije. No ha je krupsjes en krupsjes. It nije jier sette foar my yn mei lêst fan it loftereach. In minske moat wat mankearje, dus dan dit mar. No wie it fansels kaam, en soe it ek wol wer fansels oergean, mar dat is gjin wet fan Meden en Perzen. It waard slimmer.
Omdat je mar twa eagen ha, en ik dêr aardich wiis mei bin, ha 'k de dokter belle, op oantrunen fan it thúsfront. In wachtkeamer is in prachtich plak, mar dêr sil ik noch wolris wat oer skriuwe. Thriller of sa. Hawar, de arts hat my ris djip yn it each sjoen en kaam mei in wol tige opmerklike diagnoaze.
Puber bin ik yn leeftyd al lang net mear, en myn pûkelkop is yn de rin fan de jierren wer aardich strak lutsen. No giet it de ferkearde kant al wer út, kwa rimpels. Mar ik dwaal ôf.
Der siet in knaap fan in pûkel, yn myn each. Net te leauwen, wol? Ien mei sa'n grouwe wite kop, dy't tsjin de spegel spat, jim kenne se noch wol. No, dy hat dokter der dus út sleutele, en klear wie it. In bysûnder slagge besite, yn ien kear fan de kwaal ôf. Doch my dat mar ris nei.

Reacties
Een reactie posten