Steatslotterij

Oer in pear dagen is it wer de tsiende fan de moanne. It sil je oerkomme. De haadpriis hoecht net, mei de helte bin ik ek wol op 't skik. Wat soenen jimme dêr no mei dwaan? Al dy sinten?

Daliks ophâlde mei wurkjen. Dat hearre je in soad. In bult skite op it buro fan de baas, ek in kronkel dy't guon ha. Nije auto, Porsche, Ferrari of in Harley D. Grut hûs oan de râne fan de mar, grachtenpandje, twadde hûs yn Monaco, kinne je dy oersaaie Formule 1 thúswei sjen.
Oaren, dy't wat minder oan harsels tinke, sizze dat se fuortendaliks de helte oan in goed doel jaan soenen. Alles oan in goed doel jaan ha'k noch nea immen sizzen heard, it bliuwe minsken, no?
Reizgje, ek sa wat. Alles efterlitte en in jier as wat mei in boat fuort.

Ien probleemke, it is al faak de tsiende fan de moanne west, en ja, as ik no om my hinne sjoch? Neist my leit Het handboek begraven en begraafplaatsen, útjûn troch it LOB. Wit ik ek wer wat ik moarn dwaan moat.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen